Betinking slachtoffers fan oarlochsgeweld yn Kûbaard

  

monumint maaie_2010

Fiif noch jonge doarpsgenoaten kamen yn de fjirtiger jierren fan de foarige ieu om it libben troch oarlochsgeweld. Dat wiene Jouke Cnossen, Ype Hemstra, Simentje Bijlsma-Dijkstra, Rients Tjipke Jorna en Siebren Koopmans.
Ta harren oantinken is in monumint oprjochte oan de foet fan de tsjerketoer fan Kûbaard. Dêrmei hat de doarpsmienskip harren op in symboalyske wize in plak weromjûn dêr't hja earder ek thúshearden.
De slachtoffers fan oarlochsgeweld wurde op 4 maaie de jûns fan 19.15 oant 20.00 oere wer betocht mei in gearkomste yn de Victortsjerke en oanslutend it lizzen fan blommen by it monumint en grêven. Elkenien is fan herte wolkom de betinking by te wenjen. (DH)

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard