Keunstrûte Littenseradiel 2017

  

keunstrûte 2017

De Keunstrûte Littenseradiel 2017 wurdt hâlden op sneon 20 en snein 21 maaie op 34 lokaasjes, ferspraat oer de hiele gemeente. Oeral binne dy beide dagen ateliers, wurkpleatsen, eksposysjeromten, tsjerken en doarpshuzen fergees tagonklik. Yn kûbaard dogge diskear 6 keunstners mei, te witten: Karen Apon (papieren bylden), Johannes Ketting (keunstof meubels), Martin Sijbesma (skilderijen), Trynke Boomsma (tekeningen en kollaazjes), Renée van Bezooijen (skilderijen, mozayk, artbooks en tekstyl) en Martje Visser (filt en papierkeunst). (DH)
Foar mear ynformaasje klik hjir. 

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard