Striphelden op Kûbaarder doarpsfeest

 

stripheld.doc

It Kûbaarder doarpsfeest wurdt dizze simmer hâlden op freed 7 en sneon 8 july. De feestkommisje hat as tema favorite Striphelden meijûn. Dêr kin elk har of syn kreativiteit op loslitte. It doarp en it bûtengebiet binne yn fjouwer groepen yndield. Dy meie fan alles betinke om de favorite Striphelden út te byldzjen yn in presintaasje of foarstelling fan sa'n 10 minuten op de sneontejûns om 20.00 oere. Fierder hat de feestkommisje in moai program gearstald, dêr't foar elkenien, jong en âld, wol wat aardichs by sit om mei te dwaan.
Klik side 1 en side 2 foar it folsleine program, dat ûnderwilens ek al hûs-oan-hûs yn Kûbaard en omkriten ferspraat is. (DH)

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard