Kûbaard yn 'e ban fan striphelden

 

donald-katrien-kwok

Kûbaard wie yn de oanrin nei it doapsfeest wiken lang yn 'e ban fan striphelden. Oeral yn en om it doarp wiene heimsinnige gearkomsten fan teatermakkers, dekôrbouwers, kostúmnaaiers en wat al net mear. En dat allegearre om in foarstelling fan tsien minuten te meitsjen, dy't ôfrûne sneontejûn presintearre wurde moast yn it iepenloftteater op it sportterrein. Alles mocht en alles koe. Lykas wenst hie de kreativiteit wer gjin grinzen, sa die sneontejûin bliken mei de fjouwer presintaasjes. Tal fan stripfigueren waarden yn selsbetochte ferhalen foar it fuotljocht brocht. Sels ferskate nuveraardige doarpsgenoaten waarden op in fermaaklike wize útbylde en sa hast ta stripfiguer ferheft. Donald Duck wist ta beslút de haadpriis, de meunstereftige doarpswikselbeker, te bemachtigjen. De feestkommisje hie fierder in prachtich programma yn elkoar draaid mei in soarte fan 'survival-baan' as ien fan de hichtepunten. De kommende wike wurde op dit plak noch wat foto-reportaazjes publisearre dy't mear sizze as yn wurden út te drukken is. (DH)

Klik hjir foar in foto-reportaazje fan Durk Hibma
Klik hjir foar it foto-album fan Hendrik en Janke Lichthart
Klik hjir foar it foto-album fan Thea Kooistra

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard