Underseeër fan Harrie boppe wetter

 

 
kasko sylboat

De havenwâl fan Kûbaard krijt in nije beskoeiïng. Om it wurk fan in ponton ôf útfiere te kinnen moast it wite heechhout nei it sportfjild tydlik oan 'e kant. Mar der lei noch in obstakel foar de wâl: de 'ûnderseeër' fan Harrie. Goed 41 jier ferlyn fûn in ambisjeus skipsbouprojekt yn Kûbaard syn earste en lêste haven. Fierder as in kasko fan ferrosemint kaam it net, troch tiidgebrek fan de skipsbouwer. De romp fan wat in ynnovatyf syljacht wurde moatten hie bedarre op de havenboaiem. Allinne mei leech wetter kaam in rântsje fan de boech yn it sicht. It skip is op it droege takele en wurdt ôffierd nei de sloop. (DH)

 

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard