Skoalbern meitsje nije doarpsflagge foar 2018

 

 
flagge 2018

De gemeente Súdwest-Fryslân, dêr't mei yngean fan 1 jannewaris 2018 ek in grut part fan Littenseradiel ta heart, hat in tal projekten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 ûntwikkele. Ien dêrfan is it keunstprojekt Doekje Iepen. Learlingen fan de basiskoallen yn de nije gemeente mochten in keunstwurk meitsje oer it plak dêr't se opgroeie. De Kûbaarder bern dy't sûnt koart op it Fûnemint yn Wommels sitte, makken in fariant op de doarpsflagge. Yn de (wapen)roas tekenen se in doarpsplattegrûn en fierder makken se tekeningen oer ûnderwerpen yn harren belibbingswrâld, sa as fan de tsjerke, de bidlersstien oan de Slachte, de doarpskrante De SOK en sa mear. De nije flagge is tydlik yn it doarpshûs ophongen, mar giet takom maitiid nei bûten en bliuwt as it heal kin it hiele jier 2018 op in moai plakje yn it doarp wapperjen. (DH)

 

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard