Nij heechhout oer Kûbaarder haven

 

nij heechhout_1

It lêste grutte ûnderhâldprojekt yn Kûbaard en it fuortbestean fan opdrachtjouwer Gemeente Littenseradiel rûnen tagelyk nei de ein. Fan 'e hjerst krigen de havenswâl in nije beskoeiïng en de Opslach in kreaze kade mei in reling. Om dat wurk goed útfiere te kinnen moast it wite heechhout efkes oan 'e kant lein wurde. Doe die bliken dat de fuotgongersbrêge tenein wie. De houtene draachbalken en brêgestilen wiene op plakken slim ferrotte. Foar de berikberens fan it sportterrein út de buorren wei koe de ferbiningsbrêge eins net mist wurde. Yn oerlis mei de gemeente is doe mar besletten in nij heechout te bouwen. It deftige en fleurich wite brechje waard ferfongen troch in deeglike en robúste oergong. De Opslach krige dêrmei wol in hiel oar oansjen.

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard