Esken oan Grutte Buorren snoeid

 

esken snoeie

Meiwurkers fan de plantsoenetsjinst fan de gemeente Súdwest-Fryslân hawwe de rige esken oan de Grutte Buorren bysnoeid. Dêr wiene twa redenen ta: de esketakkesykte en de ferkearsfeiligens. De deadlike skimmelsykte begjint epidemyske foarmen oan te nimmen. In tal esken oan de Joarumerleane is al sa bot oantaast dat se omseage wurde moatte. Gelokkich is dat oan de Grutte Buorren noch net sa fier. Allinne it deade hout hoechde der mar útsnoeid te wurden. En yn ferbân mei frachtweinen en lânbouferkear moat de ûndertrochgong op syn minst fjouwer meter wêze. Dêrom binne ek de ûnderste oerhingjende takken fuorthelle. (DH)

blog comments powered by Disqus