Klokken liede foar Kulturele Haadstêd fan Europa

 

klokken

It jier fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadfstêd fan Europa 2018 wurdt op sneon 27 jannewaris offisjeel iepene, yn it bywêzen fan Kening Willem Alexander en keningin Máxima'. It is in muzikale start mei in enoarm orkest, oanfolle mei koaren, bekende sjongers en muzikanten út de hiele provinsje, op de trije grutste pleinen yn de Ljouwerter binnenstêd. It muzikale fjoerwurk wurdt om krekt 22.15 oere ôfsluten mei it lieden fan de klokken yn alle doarpen en stêden yn hiel Fryslân. Ek Kûbaard docht dêr oan mei. Dus as jimme op seon 27 jannewaris om 22.15 oere de klokken lieden hearre witte jim: de Kulturele Haadstêd 2018 is begûn!
It muzykspektakel is deselde jûn libbensliif te sjen op Televyzje NPO1, fan 21.30 oere oant 22.20 oere. (DH)

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard