Kûbaarder Curlingkampioenskip 2018

 

Jong talint_curling

It koe heve. De earste sneontemiddei fan maart 2018. Sterk iis op de pompeblêdfiver en sierlik winterwaar. Sûnt lange tiid wie it wer ris mooglik: it Kûbaarder Curlingkampioenskip. Hendrik en Janke Lichthart namen flitsend it inisjatyf en giene by de doarren lâns om dielnimmers byelkoar te skarreljen. Pim Hoppel hie it ferline hjerst al oankommen field. Hy hie moaie nije curlingstiennen makke fan epoksyhars, doarkrukken en in stjitrânen fan rubber. Krekt echt. Om healwei fjouweren gyng it los. It publyk hie fan it pompeblêd ôf in prachtich sicht op sportive prestaasjes fan de doarpsgenoaten. Jan en Janke Evers waarden de nije kampioenen. Op en om de baan boarten de bern en rieden de reedriders harren rûntsjes. In feestlike ôfsluting fan in koart mar hearlik winterke yn de krookjesfakânsje. (DH)
(Klik hjir foar in foto-ferslach)

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard