Kûbaarder Karweikedei

 

Snoeiploech

Fjirtich frijwilligers swermen de sneontemoarns út oer Kûbaard en omkriten. De jierlikse Karweikedei yn it ramt fan de lanlike aksje NL Doet gyng los, nei in bakje kofje yn It Mienskipshûs. Oeral yn en om de buorren waard skrept mei kroaden, skeppen en harken, mei amers, bjinders en dweilen, mei snoeiskjirren en seagen. En net te ferjitten de snipperploech mei it grutte materieel, dêr't men letterlik en figuerlik net omhinne koe. De mânske snippermasine dy't troch fiif man sterk fuorre waard, blaasde de houtspuonnen mei barstend geweld en in tsjokke striel yn de kypwein. It waar wierre tige tige mei. De foarseine 'perioaden mei rein' (Pyt P.) bleauwen út. Yn de rin fan de moarn kaam der sels noch in wetterich sintsje foar it ljocht. Koartsein waard it in moaie maitiidsdei mei in soad willewurk en dy't de jûns foar de feroaring ôfsluten waard mei in Sjineesk buffet. (DH)
Klik hjir foar in fotoferslach. De plaatsjes sizze mear as wurden.

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard