Kofje mei in stekje

  

Stekjesmerk 2018

Dat wie wer ris wat oars: ynstee fan it bekende Kûbaarder kofje-oerke yn it doarpshûs wie it ôfrûne sneontemoarn Kofje mei in stekje by de sportberging op it sportfjild. Op inisjatyf fan de Wurkgroep Oansjen Kûbaard (WOK) waard dêr in ruilmerk foar blomstekjes en -sied hâlden. Ferskate entûsjaste blomkers út it doarp en de omkriten fierden harren waar by kroaden fol oan. Der kaam in protte folk op ta en it waard in libbene ruilhannel mei in gesellich praatsje en in bakje kofje. It waar wierre tige mei. (DH)

Klik hjir foar in foto-ferslachje.

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard