Betinking slachtoffers fan oarlochsgeweld

 

 
Monumint Kûbaard

Fiif noch jonge doarpsgenoaten kamen yn de fjirtiger jierren fan de foarige ieu om it libben troch oarlochsgeweld. Ta harren oantinken is in monumint oprjochte oan de foet fan de tsjerketoer fan Kûbaard. It wiene:
Jouke Cnossen, Simentje Bijlsma-Dijkstra, Ype Hemstra, Rients Tjipke Jorna en Siebren Koopmans.
De slachtoffers fan oarlochsgeweld wurde op 4 maaie de jûns fan 19.30 oant 20.00 oere wer betocht mei in koarte gearkomste yn de tsjerke en it lizzen fan blommen by it monumint en de grêven. Elkenien is fan herte wolkom de betinking by te wenjen. (DH)

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard