Autopetters en fytsers troch Kûbaard

De allerdrokste dagen fan it jier steane yn Kûbaard wer foar de doar. Op Pinkstersnein steppe moarns likernôch tusken achten en tsienen in pear hûndert autopetters, op harren rûte lâns de Fryske âlve stêden, troch de buorren. En op Pinkstermoandei sûzje sawat fyftjintûzen fytsers troch Kûbaard, de dielnimmers oan de Fytsâlvestêdetocht, yn in bûnt ferskaat. De earsten jeie om goed 9 oere al troch de buorren, as sit de duvel har op de hoksen. Dan folgje de grutte kloften, yn lange rigen slingerjend oer de Joarumerleane en de Slachte, rjochting Boalsert. Foar it doarpshûs is it altiten in boppeslach mei moai wat oanrin fan it meast fêste klanten. Efkes lins yn Kûbaard, sawat healwei de lange tocht. Tsjin fjouweren falt stadich de stilte wer oer it doarp. (DH

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard