Wynturbine kin wer draaie

 

reparaasje turbine

Troch in seldsum foarkommend defekt yn de kamrêdkast hat de trettjin jier âlde wynturbine fan Halbe en Tineke Klijnstra oan de Gaast sawat fiif wike stilstien. Mei in mobile hydraulyske kraan binne de enoarme wjukken fan goed 40 meter hichte nei ûnderen takele en plat op 'e grûn dellein. De turbine en oandriuwing koene doe revisearre wurde. Tongersdeitemoarn is alles teplak set en freed koe de turbine syn wurk wer dwaan foar de skjinne enerzjyfoarsjenning. De mûne kin nei alle gedachten op syn minst wer 15 jier foarút. (DH) 

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard