Kûbaard docht mei oan Alvewegetocht

 

 
Kûbaard loftfoto

Yn it ramt fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 wurdt fan 1 oant en mei 14 july de Alvewegetocht organisearre. Dêrby is it de bedoeling dat hiel Fryslân reizget en alle transporten útfiert sûnder dêrfoar fossile brânstoffen as benzine en diesel te brûken. Kûbaard docht op sneon 7 july ek mei in eigen projekt mei: fossylfrij âld papier ophelje, dus net lykas wenst mei trekker en wein of in auto mei oanhinger, mar mei hynder en wein, de ikkerskûte fan Pim dy't op biodiesel fart, mei hânkarren, kroaden, skelters en wat al net mear. De start is de moarns om 9 oere yn it doarpshûs, mei in bakje kofje. (DH)

Klik hjir foar mear ynformaasje. 

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard