Fossylfrij papier sammelje

  

Kloetsje

Wat in idyllyske plaatsjes, ôfrûne sneontemoarn yn en om Kûbaard. Al goed 37 jier wurdt ien kear yn de twa moanne yn de buorren en bûtenút it âld papier sammele foar in ekstra potsje foar doarpsbelang. Diskear gyng it transport op in bysûndere wize: mei de ikkerskûte fan Pim, kloetsjend troch de Kûbaarder feart, Roel mei hynder-en-wein troch de buorren, Frits mei trekker-en-wein (ridend op biodisel) bûtenút en fierder mei kroaden, karren en sa mear. Sels it âlde boadskippekarke fan Anne Folkertsma silger, wie foar dat doel fan de souder helle. Sa waard it âld papier man-/froumachtich nei de container by Tsjerk tôge. Dy siet by eintsjebeslút sa fol dat de doar mei trije man sterk tichttreaun wurde moast. En dat allegearre yn it ramt fan de provinsjale Alvewegetocht mei folslein fossylfrij transport. (DH)

Klik hjir foar in fotoferslach.

blog comments powered by Disqus

Weer Kûbaard