Brief en Peiling nei Ynwenners

 

Kûbaard, maaie ‘14

 

Oan de ynwenners fan Kûbaard

De ôfrûne moanne hawwe wy kennis nommen fan de wynmûneplannen fan Wjukslach Kûbaard. Ynwenners en doarpsbelang waarden oerfallen troch it plan en it joech protte ophef yn it doarp. Op de ynformaasjejûn fan 16 april fan Wjukslach en Wiek joegen de ynisjatyfnimmers útlis oer de plannen. Oer it generaal waard der kritysk op it plan reagearre. Der waarden twa aksjes yn it doarp fierd en frij wat minsken kearden har tsjin it plan.

It plan fan Wjukslach Kûbaard leit no by ‘Fryslân foar de Wyn’[1] en is útkeazen as ien fan de 39 plannen dy’t opnommen is op de saneamde ‘Kandidatenlist’. Dat betsjut dat it foldocht oan de rânebetingsten fan ‘Fryslân foar de wyn’ en in kâns makket op posityf advys oan de provinsje dy’t úteinlik it beslút nimt. Wy hawwe as doarpen yn de moannen maaie en juny de gelegenheid om dêrop te reagearjen en te besjen as der draachflak foar is.

It hiele plan stiet te lêzen op de Doarpsside fan Kûbaard.

Hjir yn it koart wat it plan ynhâldt:

  1. 1.It plan bestiet út pleatsing fan maksimaal 10 nije mûnen (minimaal 90 en maksimaal 100 meter) en wjukken fan 50 meter.
  2. 2.De nije mûnen hawwe in kapasiteit fan 3 MW (dat is fjouwer kear sa grut as de besteande mûnen dy’t nei pleatsing fan de nije oprêden wurde)
  3. 3.It tal mûnen bliuwt likernôch gelyk.
  4. 4.Doarpen en partikulieren kinne meipartisipearje yn it plan en der is in finansjele kompensaasje foar omwenners.
  5. 5.Der bestiet noch gjin dúdlikheid oer de
    1. a.lokaasjes dêr ’t de nije mûnen komme te stean (der is gjin kaart by it plan)
    2. b.mooglike lûdsoerlêst en de oerlêst fan slachskaad
    3. c.effekten op lânskip, natuer en miljeu

Doarpsbelang is net belutsen west bij de planûntwikkeling fan Wjukslach Kûbaard. Neffens it plan soe Doarpsbelang yn de winter fan 2014 benadere wêze mei in doarpsmûneoandiel, mar dat is net sa.

It bestjoer fan WIEK hat der noch gjin beslút oer nommen, mar yn it yntsjinne plan stiet wol dat WIEK partisipearje wol.

Ek de enerzjykoöperaasje wurdt yn it plan as argumint neamd, mar dy hat der neat mei út te stean.

 

 

Doarpsbelang en it bestjoer fan WIEK wolle beide graach fan de ynwenners witte hoe’t hja tinke oer dit yntsjinne plan fan Wjukslach Kûbaard, sadat hja dy miening oerbringe kinne oan ‘Fryslân foar de wyn’ en Wjukslach.

Dêrneist wolle Doarpsbelang en WIEK graach fan de ynwenners witte as der wol/net fierder falt te praten oer de opskaling fan ús eigen molens. Binne de ynwenners ree om gruttere en hegere mûnen te akseptearjen yn ruil foar it opromjen fan besteande molens of binne se alhiel tsjin opskaling? Oftewol wy wolle graach witte as it sin hat om te ûndersykjen dat opskaling mooglik is yn in oar plan rûnom Kûbaard.

Wy hawwe der foar keazen om de mieningen hjiroer skriftlik te peilen. Sa kinne alle ynwenners fan Kûbaard har stim hearre litte troch antwurd te jaan op dizze twa fragen. Om foar te kommen dat de stimming net earlik ferrint freegje wy fan de ynwenners dat de strypkes foarsjoen wurde fan namme en adres (nammen wurde net iepenbier).

Op in spesjale gearkomst, belein troch Doarpsbelang en Wiek, op tongersdei 12 juny yn it doarpshûs om 20.00 oere wurdt de útslach fan de enkête presintearre. Ek sille wy dan yn gesprek gean oer it ferrin fan it proses oant no ta en de mooglike ferfolchstappen.

 

Graach de strypkes yn de meilevere retourenvelop ynleverje uterlik 6 juny by

Marian Zeinstra

Pertronella Moensstrjitte 13

8732 EH Kûbaard

Op grûn fan de útslach fan dizze peiling sille doarpsbelang en WIEK harren stânpunten definityf bepale. Draachflak betsjut yn ús eagen dat sa’n 2/3 diel fan de ynwenners foar de útfiering fan dit plan is.

De útslach fan de peiling en brieven fan Doarpsbelang en WIEK oan ‘Fryslân foar de Wyn’ en ‘Wjukslach’ sille ek op de webside fan Kûbaard komme nei 12 juny.

 

Doarpsbelang en WIEK

 

 

 

 

P.S.

Ynwenners kinne neist dizze peiling ek noch sels en rjochtstreeks harren miening trochjaan oan ‘Fryslân foar de wyn’ middels it ynfoljen fan in enkête (sjoch: fryslânfoardewyn.nl). Jo kin jo stânpunt ek noch nei foaren bringen op de regiogearkomst dy’t ‘Fryslân foar de wyn’ oer û.o. dit plan organisearret op 10 juny yn Wytmarsum (yn it âlde gemeentehûs oan de Arumerwei 53). Je moat je wol, via de site fan Fryslan foar de Wyn, even oanmelde.

 

 

Yn te leverjen Strypke

 

 

Namme :

Adres     :

set in rûntsje om wat jo miening is

ik bin:         foar / tsjin / ha gjin miening oer   

it yntsjinne plan by Fryslân foar de Wyn fan Wjukslach Kûbaard

ik bin:            foar / tsjin / ha gjin miening oer

it meitsjen fan in nij plan om de âlde mûnen te ferfangen troch in lytser tal nije, mar wol hegere en gruttere mûnen op in nij te bepalen plak rûnom Kûbaard

 

Opmerking :

 

                       



[1] Fryslân foar de wyn is de organisaasje dy’t de provinsje advisearret oer geskikte lokaasjes op lân foar wyn-

   enerzjy. Sjoch foar it hiele plan inklusyf de bylagen en foar mear eftergrûnynformaasje de webside fan it

   doarp of de webside fan ‘Fryslân foar wyn’.