Wynmûneplan Wjukslach Kûbaard

Yn in persoanlik skriuwen oan alle leden sil Doarpsbelang mei koarten har leden neier ynformearje oer har foarriedige (voorlopig) stânpunt oangeande dat plan. Mei in skriftlike peiling kin dan ek elk lid syn miening dêr oer jaan. Op grûn fan de útslach fan dy peiling bepaalt doarpsbelang har stânpunt definityf bepale en dat út namme fan it doarp oerbringe oan Fryslân foar de Wyn (en Wjukslach). Elkenien kin dernjonken noch sels en streekrjocht syn of har miening trochjaan oan Fryslân foar de Wyn troch it ynfoljen fan in enkête (sjoch fryslanfoardewyn.nl).
Foar in sa goed mooglike en lykwichtige ynformaasjefoarsjenning hat doarpsbelang ek de brosjuere 'Basisinformatie Windenergie voor Burgers' en de beide protestbrieven fan de ynwenners út Kûbaard en omkriten op de site setten.
Alle fjouwer dokuminten binne te lêzen troch op ûndersteande titels te klikken:

Doarpsbelang Kûbaard

Klik foar mear ynformaasje ek op Windemolenplannen rond Kûbaard dy't earder troch de inisjatyfnimmers op de site pleatst is. 

blog comments powered by Disqus