Himmelmoarn Doarpshûs

It Doarpshûs is wer skjin, fan binnen en fan bûten. In mânske himmelploech ferskynde sneontemoarn 15 septimber op it appel. Mei fleur en faasje giene de froulju en manlju yn de slach mei stof, spinreach en smoargens dat de ôfrûne moannen oan biezem, dweil en stofdoek ûntkaam wie. De bar, de húskes, de seal en de keuken, alles waard troch de froulju ûnder hannen nommen. De manlju behoffenen it rûchste bûtenwurk. Rom foar iterstiid wie de hiele boel wer ‘spic en span’. Mei tank oan de himmelploech kinne wy no wer mei in moai skjin Doarpshûs it winterskoft yn. Eke de Jong, dy’t har as nije skjinmakster foar it kommende jier oanmelden hat, sil It Mienskipshûs no fierder wykliks in beurt jaan (DH).