Berjocht fan it bestjoer fan de Slachtemarathon

Neitinke oer takomst 
In Slachtemarathon organisearje yn 2021, dat slagget net. We hiene dan al drok dwaande wêze moatten mei de organisaasje en der is op dit stuit te folle ûnwis om dat goed dwaan te kinnen. It jout ús ek de tiid om nei te tinken oer de takomst fan de Slachtemarathon. En dat moat ek, want 20 jier en 5 edysjes fierder is der in protte feroare. De rinners fan 2000 binne in stik âlder wurden, de winsken fan (nije) rinners binne feroare, oan it organisearjen wurde mear en oare easken steld en sa binne der nog wol mear saken dy't oanlieding binne om ris werom en dan foaral ek wer foarút te sjen. 

Brede groep belûke by ûndersyk
Wy fine it fan grutte wearde om minsken dy’t belutsen binne by of ferbûn binne mei de Slachte by dat proses fan neitinken te belûken. En fansels heare jim dêr ek by. We wolle dêrneist ek yn petear mei de groep minsken dy we noch net moetsje by de Slachte. Wêrom komme dy net en wannear dan wol? Breed nei- en meitinke dus. Dêrby binne alle mieningen fan wearde en alle fragen meie steld wurde. It bestjoer hat Natasja Kesteloo frege dit ûndersyk út te fieren en mei de tariedings dêrop is se al drok dwaande. Jim krije yn koarten in útnûging foar in doarpe-oerlis om jim belutsenens by dat ûndersyk te bepraten.

Ikoanysk evenemint
De Slachtemarathon is en bliuwt in ikoanysk evenemint foar Fryslân en hat foar in protte minsken in grutte wearde. Dêr meie we mei inoar grutsk op wêze en dêr moatte we mei inoar goed op passe.
Wy as bestjoer hoopje jim allegear dit jier dochs te sjen, te moetsjen en dan wolle we wille hawwe en genietsje fan al it moaie om ús hinne.

Mei freonlike groetnis,
út namme fan it bestjoer fan de Slachtemarathon,
Anne Jochum de Vries


Mei freonlike groetnis, met vriendelijke groet,
Organisatie Slachtemarathon,
Wyke van de Witte

058 2038019
Postbus 2718 | 8901 AC Leeuwarden
www.slachtemarathon.nl | www.facebook.com/slachtemarathon
www.twitter.com/slachtemarathon | www.instagram.com/slachtemarathon