Twa drok besochte foarstellingen

.

Ôfrûne sneon hat de Púnbult har twajierlikse foarstelling hawn mei it stik “De Himmelsters”.
In komeedzje wér fjouwer froulju dy’t wurkje op de ôfdieling Húshâlding fan in middelgrutte ûnderwiisynstelling. Se komme nei de simmerfakânsje wer foar it earst op it wurk. Gewoanwei binne se altyd mei syn fiven, mar ien fan harren, Anita, komt net opdaagjen. Grut is de skrik, as blykt dat Anita dea op it húske sit. Wat is der bard en wat moatte se no dwaan? En hoe kin it, dat gjinien har mist hat? In hilarysk stik wér in protte lake waard.
Sneontemiddei wie de earste foarstelling en dizze is goed besocht. Sneontejûn wie de twadde foarstelling en it doarpshûs wie ôfladen, âlderwetsk drok.