Herdenking slachtoffers oorlogsgeweld op zaterdag 4 mei
.
.
Betinking slachtoffers oarlochsgeweld op sneaon 4 maaie
Hjirby nûgje wy jo fan herte út foar de jierlikse betinking fan de slachtoffers fan oarlochsgeweld.
Yn it bysûnder giet it om ús doarpsgenoaten
Jouke Cnossen
Ype Hemstra
Simentje Bijlsma-Dijkstra
Rients Tjipke Jorna
Siebren Koopmans
Fiif jonge minsken dy’t troch oarlochshannelingen omkamen.
Troch it monumint by de tsjerketoer hawwe wy de slachtoffers wer in plak yn ús midden jûn, ús Kûbaarder mienskip dêr’t se earder ek thúshearden. Wy stelle it tige op priis dat jo de betinking bywenje.
It programma begjint jûns om 19.30 oere mei de gearkomste yn de tsjerke:
Dit jier hearre wy it ferhaal fan Jouke Cnossen dat wurdt ferteld troch mefrou Aukje Silvius-Cnossen en der is in taspraak troch mefrou Piety van der Veer, lid fan de gemeenteried fan ús gemeente Súdwest Fryslân.
By it monumint wurde om 20.00 oere twa minuten stilte yn acht nommen. Dêrnei is der gelegenheid foar it lizzen fan blommen.
De klok liedt fan 19.15 oere ôf. De tsjerke is dan iepen.
Jimme wurde útnûge om blommen mei te nimmen foar de betinking.
Dêrneist soenen wy jimme freegje wolle om op 4 maaie fan 18.00 oere oant 21.00 oere safolle mooglik de flagge healstôk te hingjen.